Alvestêdetocht op de step
Sûnt fannacht tolve oere binne 135 dielnimmers ûnderweis foar de Alvestêdetocht op de autoped Se binne dwaande mei de 27e edysje fan de tocht. 147 minsken hiene harren foar de tocht opjûn.
De saneamde 'step-alvestêdetocht' begûn yn Boalsert. Dêr komme de dielnimmers de middeis fan pinkstersnein ek wer oan. Dat sil tsjin healwei fiven wêze.