Marrit Leenstra rydt mindere 500 meter op it EK sprint

08 jan 2017 - 13:55

Marrit Leenstra hat op de twadde 500 meter fan it EK sprint yn Thialf tefolle tiid ferspile. De nûmer trije nei de earste dei kaam net fierder as 38.88, goed foar it sânde plak. Jorien ter Mors, tredde yn 38.29, stiet no tredde yn it klassemint, Leenstra is fjirde.

De twadde 500 meter waard wûn troch de Russise Olga Fatkulina yn 38.07. Karolina Erbanová waard twadde yn 38.19. Erbanová stiet noch wol earste nei trije ôfstannen, Fatkulina is twads. Letter op de middei ride de froulju de lêste ôfstân, de 1000 meter.

Trefwurden: 
reedriden EK Marrit Leenstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)