Knegt en Schulting winne 1500 meter NK shorttrack

08 jan 2017 - 13:54

Suzanne Schulting fan De Tynje is snein op it NK shorttrack yn Amsterdam op de 1500 meter mei oermacht earste wurden. Twadde waard Yara van Kerkhof. Friezinne Rianne de Vries waard tredde. De Fryske manlike shorttrackers boekten ek goeie resultaten by de 1500 meter. Sjinkie Knegt waard earste, Daan Breeuwsma twadde. Dennis Visser fan De Lemmer helle in tredde plak, folge troch Itzhak de Laat.

Snein wurde ek de 500 meter, 1000 meter en de superfinale riden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)