Plysje pakt tsien kreakers yn Ljouwert op

08 jan 2017 - 13:32
It eardere wetterliedingsbedriuw oan it Wilhelminaplein - Foto: Google Streetview

De plysje hat sneontenacht tsien kreakers oanhâlden yn in bedriuwspân oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. It giet om it eardere wetterliedingsgebou dat al in skoft leech stiet. Ien fan de minsken belle earder op de jûn nei de meldkeamer om dúdlik te meitsjen dat se it gebou kreakje woenen. De plysje kaam del en krige in rûnlieding troch it gebou. Underwylst namen oare plysjeminsken kontakt op mei de eigener fan it gebou om dy op de hichte te stellen fan it kreakjen. De eigener joech oan oanjefte dwaan te wollen fan húsfredebrek.

Op basis dêrfan koe de plysje de tsien minsken, wêrûnder njoggen ynwenners fan Ljouwert en ien út Grins, dêrnei oanhâlden. Se moatte har ynkoarten ferantwurdzje foar de rjochter.

(advertinsje)
(advertinsje)