"Fertochte Thialf is sakeman út it westen fan Nederlân"

© Jaring Rispens
De fertochte fan it sjitynsidint sneon by Thialf is in sakeman út it westen fan it lân. Dat hawwe meardere boarnen befêstige tsjinoer Omrop Fryslân. De sakeman soe in saaklik konflikt ha mei it slachtoffer, Bert Jonker, direkteur fan Clafis. It giet om in mislearre bedriuwsoername, wêrnei't it bedriuw fan de sakeman fallyt gong. De fertochte is sûnder wen- of ferbliuwplak. Dat makket it foar de plysje yngewikkeld om de man op te spoaren.
Om geroften foar te kommen hat de plysje der foar keazen om iepen te wêzen oer de oanlieding fan it sjitynsidint. "It giet om in saaklik konflikt, dat leit echt bûten it reedriden", sa seit plysjewurdfierder Anne van der Meer. Snein is de tredde en lêste dei fan it EK allround en sprint yn iisstadion Thialf.