Hûnshaai op Skiermûntseach út aai kommen

08 jan 2017 - 11:08
De hûnshaai krekt út it aai - Foto: Besikerssintrum Nasjonaal Park Skiermûntseach

It aai mei in libjend embryo fan in hûnshaai dat yn augustus op it strân fan Skiermûntseach fûn waard, is sneon útkommen. It aai waard al dy tiid bewarre yn in akwarium mei sâlt wetter fan it Besikerssintrum Nasjonaal Park Skiermûntseach. Meiwurkers hawwe de lytse hûnshaai ferpleatst nei in ôfskerme diel fan it akwarium, sadat it net troch oare bisten opfretten wurde kin. It bist kin sa'n 80 sintimeter lang wurde en sil foarearst yn it akwarium op Skiermûntseach bliuwe.

De hûnshaai sil net wer yn 'e natoer útset wurde. It temperatuerferskil mei see is te grut, boppedat kin it bist him net rêde yn it wyld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)