Riedsferslaggen digitaal

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter riedsferslaggen tusken 1865 en 2007 binne digitaal te sjen. Se steane op de webside fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. It HCL presintearre it digitale argyf sneon yn it stêdhûs fan Ljouwert op de Dei fan de Ljouwerter Skiednis.
By de presintaasje wie Jakob Vellenga. Hy is it âldste noch libjende riedslid fan de gemeente. Vellenga siet fan 1946 oant 1974 yn de ried. Fan 1953 oant 1965 wie er wethâlder. Hy siet ek trije perioades yn de Twadde Keamer.