BBC One Breakfast makket opnamen yn Ljouwerter iishal

08 jan 2017 - 10:32
Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yn de iishal yn Ljouwert wurde snein opnamen makke troch it bekende BBC One programma Breakfast mei presintator Mike Bushell. It programma hat in rubryk wêryn't Britten yn de kunde komme kinne mei foar har ûnbekende sporten. It langebaanriden is foar de measte minsken yn Ingelân in ûnbekende sport. Bushell krijt sels les op de baan yn Ljouwert en sil ek meidwaan oan in koarte wedstriid tsjin de Britsk-Nederlânske reedrydster Ellia Smeding út Harns. In grut oantal oare Britske reedriders is snein ek yn Ljouwert oanwêzich by de opnamen.

It Britske team hat yn it eigen lân sels gjin baan om op te riden. It reedrydbûn fan Ingelân wol dat graach feroarje en sjocht de iishal yn Ljouwert as in moai foarbyld foar in baan yn eigen lân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)