Fertochte sjitpartij by Thialf noch hieltyd net pakt

De plysje is drok op syk nei de man dy't sneontejûn op it parkearterrein by iisstadion Thialf op It Hearrenfean direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis yn syn hân sketten hat. De plysje wit wa't de dieder is, mar hat him noch net oppakke kinnen. Plysjes binne drok dwaande om út te sykjen wêr't er wêze kin. It slachtoffer is yntusken yn it sikehûs behannele oan syn ferwûnings. Bert Jonker is ek de haadsponsor fan de reedrydploech fan ûnder oaren Jorrit Bergsma.
Neffens de plysje wie der sprake fan in saaklik konflikt tusken Jonker en de skutter. Jonker hat besocht om út te naaien yn syn auto, mar rekke dêrby in oantal oare auto's op it parkearterrein. It terrein waard ôfset troch de plysje yn ferbân mei it ûndersyk. Op it stuit fan it ynsidint wiene der in protte plysjes by it iisstadion, dy't de begelieding diene fan de besikers dy't fuortgongen. Sadwaande wie de plysje der gau by en koe fuort in oantal tsjûgen heard wurde.
De plysje bliuwt snein alert by in útferkocht Thialf foar de slotdei fan it EK allround en EK sprint, mar ferwachtet gjin ekstra problemen.