Ireen Wüst lit NK allround oan har foarby gean

© ANP
Ireen Wüst docht oer twa wiken net mei oan it NK allround op It Hearrenfean, om't se har liif net tefolle belêste wol foarôfgeand oan de WK ôfstannen. Dy binne fan 9 oant mei 12 febrewaris yn it Súd-Koreaanske Gangneung. Wüst rydt dêr de 1000, 1500 en 3000 meter. De 30-jierrige reedrydster twifelet noch oft se meidwaan sil oan it NK sprint yn Thialf of dat se kiest foar in trainingskamp. Nei it wykein nimt se in beslút. Wüst wûn sneon foar de fyfde kear it EK allround. Dêrtroch is no ek wis fan it WK allround yn maart yn Noarwegen.