Earste Keamerlid Sybe Schaap is Liberaal fan it Jier 2016

Earste Keamerlid Sybe Schaap (VVD) © ANP
Earste Keamerlid Sybe Schaap fan De Lemmer is troch VVD-jongereinferiening JOVD útroppen ta Liberaal fan it Jier 2016. Schaap fertsjinnet dy titel, om't hy de striid oangiet tsjin it opkommende populisme en tsjin de eigen partij doart yn te gean. JOVD-foarsitter Rutger de Ridder: “Schaap is een liberaal in hart en nieren. Hij waarschuwt de samenleving voor het opkomende populisme, heeft politiek lef, is kritisch op de PVV en is onafhankelijk in zijn denken. Hij schrijft, denkt en werkt keihard om onze rechtsstaat te verdedigen."
De Liberaal fan it Jier wurdt alle jierren útrikt. Foarich jier gie de priis nei Arjen Lubach. Earder krigen Hans Teeuwen, Alexander Pechtold en Neelie Kroes de titel.