Rintje Ritsma krijt Oeuvrepriis KNSB fan Ard Schenk

08 jan 2017 - 08:48
Rintje Ritsma mei Oeuvrepriis en Ard Schenk - Foto: KNSB

Ald-reedrider Rintje Ritsma fan De Lemmer hat sneon by it EK allround en sprint yn it Thialfstadion de Oeuvrepriis krigen fan 'e KNSB. Hy krijt de priis foar syn grutte fertsjinsten yn de reedrydsport. 'De Bear fan De Lemmer' waard seis kear Europeesk kampioen allround, fjouwer kear wrâldkampioen allround. Fierder fertsjinne hy twa titels op de WK ôfstannen en sleepte er twa sulveren en fjouwer brûnzen medaljes yn de wacht by fiif Olympyske Winterspelen.

Dêrneist wurdt de 46-jierrige Ritsma priizge foar de grutte rol dy't er spile hat by it stal jaan fan it hjoeddeistige profesjonele reedriden. Sels bruts er yn 1995 mei de KNSB en sette er mei sponsor Sanex in eigen reedrydploech op.

Ritsma krige de priis sneon út hannen fan reedrydikoan Ard Schenk. De Lemster sels seach de priis net oankommen: "Ik wist net iens dat dizze award bestie. Ik fyn it hiel bysûnder dat ik dizze priis just fan Ard Schenk krij. It is dochs in beleanning foar wat je allegear prestearre hawwe. Sa stadichoan haw ik tink ik alle awards fan de KNSB wol yn hûs, mar it bliuwt hartstikke leuk!"

It is de fjirde kear dat de KNSB de Oevrepriis útrikt. Tsien jier lyn krigen Ard Schenk en Sjoukje Dijkstra de priis takend. Bob de Jong mocht de priis foarich jier yn ûntfangst nimme.

Trefwurden: 
Rintje Ritsma KNSB reedriden
(Advertinsje)
(Advertinsje)