LDODK ferrassend ûnderút tsjin 'angstgegner' DVO út Bennekom

LDODK hat sneontejûn op 'e Gordyk ferrassend ferlern yn de kuorbal league fan DVO út Bennekom. Mei 24-26 moast de nûmer twa yn de kompetysje belies jaan tsjin it team dat mei 1 punt ien-nei-lêste yn de kompetysje stie. Nei rêst wist Erwin Zwart de Friezen al efkes op foarsprong te krijen mei 18-17, mar dat duorre net lang. DVO pakte sa krekt as ferline jier de folle winst yn it útduel.
Trainer Erik Wolsink fette de wedstryd nei de tiid gear as: "Dan zie je dat we achter de feiten aanlopen en gaan we te geforceerd proberen te scoren."