Friezen troch nei finale 1500 meter op NK shorttrack

Sjinkie Knegt © www.fotopersburomartindejong.nl
Op it NK shorttrack yn Amsterdam hawwe Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat harren sneon sûnder problemen pleatst foar de finale fan de 1500 meter. By de froulju gean Rianne de Vries en Suzanne Schulting ek troch nei de finale fan de 1500 meter.
De finales wurde snein ferriden op de Jaap Edenbaan. Schulting makket kâns op har earste nasjonale titel.