UNIS Flyers wint mei oermacht fan GIJS Grins

07 jan 2017 - 23:37

UNIS Flyers hat sneontejûn mei oermacht wûn fan GIJS út Grins. Op it iis fan Thialf drûgen de iishockeyers fan It Hearrenfean de Grinzers mei 11-1 ôf. De earste perioade waard ôfsletten mei 4-1 foar de Flyers en it iennichste puntsje foar Grins. Dêrnei hie GIJS neat mear yn te bringen. Nei de twadde perioade stie it 7-1 en yn de tredde perioade pakten de Flyers nochris fjouwer doelpunten, sadat de 11-1 oerwinning in feit wie.

Freed spilet UNIS Flyers yn Amsterdam tsjin Amstel Tijgers.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(advertinsje)
(advertinsje)