Coach Jillert Anema fan Clafis skokt oer sjitpartij Thialf

Coach Jillert Anema © awfoto.nl
Coach Jillert Anema hat skokt reagearre op it sjitynsidint by Thialf wêrby't direkteur Bert Jonker fan Clafis licht ferwûne rekke is. Clafis is de haadsponsor fan de ploech fan Jillert Anema. De Clafisploech is op dit stuit op Tenerife oan it trainen.
De ploech is ûntstien út de eardere BAM ploech dy't yn 2014 ophold te bestean. Wichtige reedriders yn it team binne Jorrit Bergsma en syn frou Heather Bergsma-Richardson, Arjan Stroetinga, Bob de Vries, Irene Schouten en Carien Kleibeuker.
Tsjin ferslachjouwer Roelof de Vries sei Jillert Anema: "Ik haw it ek allinnich noch mar fan hearren en sizzen, mar alles wiist derop dat it om Bert giet. Wy binne skokt."
De ploech fan Jillert Anema docht net mei oan it Europeesk kampioenskip dat dit wykein yn Thialf ferriden wurdt. Neist sponsor fan de reedridersploech fan Anema is Bert Jonker ek op oare wizen belutsen by it reedriden. Sa is hy foarsitter fan de businessklup fan Thialf. Ek sit hy út namme fan de profesjonele reedridersploegen yn in konvenantgroep dy't mei it reedridersbûn KNSB praat oer de takomst fan it reedriden. Boppedat wie hy sponsor fan in reedridersoplieding yn Inzell. Dêr is hy koartlyn mei opholden.
It yngenieursburo Clafis lit op Twitter witte dat it nei omstannichheden goed giet mei harren direkteur Bert Jonker.