Untwerp foar fontein yn Hylpen presintearre

07 jan 2017 - 19:42

Yn De Foeke yn Hylpen is sneontemiddei it ûntwerp foar de fontein fan it projekt 11Fountains presintearre. De Sinese keunstneres Shen Yuan hat har ûntwerp sjen litten oan de ynwenners fan it stedsje. Der komt in fontein dy't basearre is op it stedswapen fan Hylpen. Dêryn draait it om de libbensbeam mei harten derom hinne. De Hylpers dy't oanwêzich wiene by de presintaasje, wiene entûsjast.

By it projekt 11Fountains fan Kulturele Haadstêd 2018 krije de alve stêden fan Fryslân in fontein, dy't ek nei 2018 stean bliuwe.

By Finster op Fryslân, it mediaplatfoarm fan Omrop Fryslân, LC, FD en GPTV is it proses fan de fonteinen yn de alve stêden te folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)