UPDATE: Plysje wit wa't dieder sjitpartij by Thialf is

07 jan 2017 - 22:07

De plysje wit wa't de dieder is fan de sjitpartij by Thialf. Dêrby rekke direkteur Bert Jonker (51) fan it yngenieursburo Clafis licht ferwûne. In wurdfierder fan de plysje hat sneontejûn befêstige dat in saaklik konflikt de oanlieding fan de sjitpartij is. Neffens ferskate boarnen soe de dieder in sakeman wêze. De plysje hopet dat de dieder him sels melde sil.

Oan it begjin fan de jûn waard Bert Jonker, eigener en oprjochter fan Team Clafis, by de sjitpartij rekke yn syn hân. Hy waard oerbrocht nei it sikehûs. De plysje wol de identiteit fan it slachtoffer noch net befêstigje, mar Omrop Fryslân hat út betroubere boarne befêstige krigen dat it yndied om Bert Jonker giet.

Jonker hat nei de sjitpartij noch besocht te flechtsjen. Hy rekke mei syn auto ferskate oare auto's dy't in protte skea op rûn hawwe. De eigeners fan dizze auto's moasten harren auto stean litte. Fanwege spoare-ûndersyk bliuwt in diel fan it parkearterrein ôfsletten, sa meldt de plysje.

Yn Thialf waard sneon de twadde dei fan it EK allround en EK sprint hâlden. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean is bot skrokken fan it ynsidint. Hy wol fierder lykwols gjin reaksje jaan en ferwiist nei de plysje. Wol is it neffens Van der Zwan sa dat de sjitpartij neat mei it reedriden te krijen hat, mar dat it giet om in saaklik skeel.

Trefwurden: 
plysje Thialf Bert Jonker
(advertinsje)
(advertinsje)