Natuerbrân Flylân: Grut alarm

26 maaie 2012 - 23:14

Op Flylân is sneontejûn grut alarm slein yn ferbân mei in brân yn de dunen oan de noardkant fan it Bomenland. Dat is in stik bosk oan de westkant fan it eilân. Alle beskikbere minsken en brânwachtauto's waarden ynskeakele. Definsje, de KNRM en steatsboskbehear ferlienden ek help.

Troch de hurde wyn waard de bosk ek bedrige, mar úteinlik wie it fjoer rillegau ûnder kontrôle. In stik natuer fan twa fuotbalfjilden grut gong ferlern. Der rekke net ien ferwûne en der waarden gjin huzen bedrige. Wat de oarsaak west hat, is noch ûnbekend.

Dat wurdt pinkstersnein by deiljocht ûndersocht. Dan wurdt ek besjoen oft der in smookferbod ynsteld wurde moat. Ut foarsoarch waarden sneontejûn de brânwacht fan Harns en it Hearrenfean ek noch warskôge. Dat is in fêst ûnderdiel fan de prosedueres by in grutte brân. Yn gefal fan need hiene brânwachtauto's of minsken mei perslucht nei it eilân brocht wurde kinnen.

Op it stuit fan de brân wie yn Podium Vlieland in optreden fan kabaretier Jan Jaap van der Wal. Dêr wiene de boargemaster en de kommendant fan de brânwacht ek by. Van der Wal sette it optreden nei de brânmelding troch, mei in pear grappen oer de brân.

Trefwurden: 
Flylân natuerbrân
(Advertinsje)
(Advertinsje)