SC Hearrenfean wint mei 2-1 fan VfL Wolfsburg

07 jan 2017 - 17:07
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean hat sneontemiddei mei 2-1 wûn fan VfL Wolfsburg. De oefenwedstriid tsjin de nûmer 13 fan de Bundesliga waard spile yn La Manga yn Spanje. Beide teams binne dêr op wintertrainingskamp. Nei 38 minuten kamen de Dútsers op 1-0 foarsprong troch in strafskop te benutten, nei't Doke Schmidt de bal tsjin in earm krige. Hearrenfean siet net lekker yn de wedstriid, mar kaam yn de twadde helte gelyk doe't Reza Ghoochannejhad in foarset fan Lucas Bijker moai ôfmakke: 1-1. Michel Vlap wist yn de einfaze de Friezen nei de 2-1 winst te sjitten.

De wedstriid wurdt sneontejûn om 20.00 oere werhelle op Omrop Fryslân TV.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)