Froukje sil freegjend troch Fryslân farre op syk nei thús

Filmregisseur Froukje van Wengerden út Bartlehiem sil mei in skip troch Fryslân farre om Friezen te filmjen en te ynterviewen. In 'boatmovie' neamt se it sels. Tegearre mei de skipper, har heit Jan, sil sy mei harren skip 'Eestroom' oanlizze op ferskate plakken.
Froukje praat ûnderweis mei minsken oer de fraach: wêr fielst dy thús? Se freget har ôf, wat in thús foar minsken betsjut. Is it gefoel fan thúsfielen altyd ferbûn mei in plak of in lânskip? En wat ast op in skip wennest, en dyn thús dus altyd earne oars wêze kin. En, soest in thús foargoed achter dy litte kinne?
De Eestroom ferlit yn de maitiid fan 2017 de thúshaven Bartlehiem. Hoe lang oft Froukje en Jan mei it skip ûnderweis binne, sjogge se wol. De searje oer de reis troch Fryslân is te folgjen op de webside finsteropfryslan.frl, it kultuerplatfoarm fan Omrop Fryslân, LC, FD en GPTV.
Froukje van Wengerden hat yn de simmer fan 2016 ek in reis makke mei har heit en it skip, fan Bartlehiem nei Frankryk. Dizze film hjit: 'Breng me naar 't zuiden'.