Marrit Leenstra tredde op 1000 en tredde yn klassemint

07 jan 2017 - 15:26

Marrit Leenstra is nei har tredde plak op de 500 meter ek tredde wurden op de 1000 meter. Yn it klassemint nei de earste dei fan it EK sprint stiet se ek tredde. De 1000 meter waard wûn troch Jorien ter Mors yn 1.15.58. Karolina Erbanová waard twadde yn 1.15.69, de tiid fan Leenstra wie 1.15.95.

Erbanová giet oan de lieding, foar Olga Fatkulina en Leenstra. Ter Mors stiet fjirde. De ferskillen yn de top fjouwer binne lyts.

Kai Verbij waard de earste Europeeske kampioen sprint. Kjeld Nuis, twa kear winner fan de 1000 meter, mar mei folle mindere 500 meters as Verbij, waard twadde. De Dútser Nico Ihle pakte it brûns.

Trefwurden: 
reedriden EK Marrit Leenstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)