Bekende wedstrydswimmers jouwe swimklinik op It Amelân

07 jan 2017 - 12:26

Bern op It Amelân krije sneon in swimklinik yn it swimbad fan Buren. De klinik wurdt jûn troch toppers lykas Femke Heemskerk, Luuk Veldman fan Snits en Josien Wijkhuijs fan Frjentsjer. De klinik is in inisjatyf fan swimjuf Martine Kienstra. Sy leit har der net by del dat bern wol harren diploma's helje, mar dêrnei net langer te swimmen gean. Dêrtroch reitsje se de rûtine en de kondysje kwyt. Goed swimme kinne is wichtich as je op in eilân wenje, fynt Kienstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)