Tsjinstanner Harkiten bekend

© Omrop Fryslân
De tsjinstanner fan Harkemase Boys foar kommende tiisdei 29 maaie op sportpark De Bosk is bekend. De Harkiten sille it opnimme tsjin Kozakken Boys. De ploech út Werkendam wûn sneontemiddei mei 3-2 fan RVVH en is dêrmei winner fan de perioadekampioenen fan de haadklasse B. Op sneon 2 juny is de return yn Werkendam.
De oare heale finale is ek bekend. Dy sil gean tusken Berkum en Ter Leede. De finale tusken beide winners fan de heale finale sil op 9 juny spile wurde op neutraal terrein.