Twa 17-jierrige jonges oanhâlden foar ynbraak Beetstersweach

07 jan 2017 - 11:21
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Beetstersweach hat freedtejûn twa jonges fan 17 jier oanhâlden as fertochten fan in ynbraak yn in kluphûs fan in sportferiening oan de Haadstrjitte. It giet om jonges út Koartehimmen en it Gelderske Harreveld. Tsjûgen trappearren de jonges en pakten ien fan harren fuortendaliks op. De plysje koe efkes letter de twadde fertochte oanhâlde. It is noch net bekend oft de beide ynbrekkers wat stellen ha. Se sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)