Frou út Easterwâlde oppakt foar beljen alarmnûmer

07 jan 2017 - 10:20

De plysje hat freedtenacht in frou fan 30 jier út Easterwâlde oanholden omdat se tsientallen kearen mei it alarmnûmer 112 belle hie. Oan it begjin fan de nacht begong se dêrmei. De plysje gie nei de wenning fan de frou en makke har dúdlik dat se ophâlde moast. It bleau in oere rêstich, mar doe begong de frou op 'e nij te beljen mei it alarmnûmer. Dêrop gie de plysje wer nei har hûs, ditkear waard se oppakt. Har telefoan is yn beslach naam.

(advertinsje)
(advertinsje)