Lêste middenstanner Surhuzum freget fallisemint oan
Surhuzum hat gjin winkels mear. Bakkerij Wouda hat as lêste winkel it fallisemint oanfrege en de doarren sletten. Sûnt tiisdei is de winkel oan de Doarpsstrjitte ticht. Dat jildt ek foar de festigings op 'e Harkema en De Rottefalle. It bedriuw is yn 1910 oprjochte.