Jier selstraf easke foar ynbraken yn Harns en omjouwing

07 jan 2017 - 10:06
Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in 31-jierrige man sûnder fêst wenplak is yn Ljouwert tolve moannen selstraf easke, wêrfan acht moannen ûnder betingst. De man wurdt fertocht fan njoggen ynbraken yn Harns en omjouwing. Sa waard in elektryske fyts, dy't út in wenning oan de Noorderhaven stellen wie, werom fûn yn Seisbierrum by de wente fan syn mem. Hy soe ek besocht ha yn te brekken by in bistewinkel oan de Oldebarneveltstrjitte. Syn bloed waard oan de binnenkant fan de doar fûn. Neffens de man besocht hy net yn te brekken en goaide hy út lulkens in stien tsjin it rút.

In wenningynbraak oan de Vaartweg ûntkende hy op de sitting ek, omdat hy noait yn wenningen ynbrekt. Hy joech wol ta ferantwurdlik te wêzen foar trije ynbraken; ien by Aelous yn Seisbierrum, strânpaviljoen 't Zilt yn Harns en in bedriuw oan de Grensweg yn Harns. De man is ferslaafd oan kokaïne en wol nei in ferslavingsklinyk. Dat wol de offisier fan justysje ek. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
ynbraken Harns selstraf
(Advertinsje)
(Advertinsje)