UPDATE: Koade oranje wurdt giel

07 jan 2017 - 07:14

De glêdens hat sneontemoarn rûnom yn de provinsje foar meardere ûngelokken soarge. De Fryske plysje hat it oer 15 ûngelokken, lanlik wiene der om 14.15 oere seker 350 ûngelokken, sa melde Rykswettersteat. Op de A7 by Terwispel rekke in frou mei har auto yn it wetter. De ûnderkuolle frou is opnaam yn it sikehûs. Op de Wâldwei by Drachten rekke in frachtwein fan de dyk.Yn de omkriten fan Ljouwert, by Sint-Nyk, Wytmarsum en op de A32 binne meardere auto's fan de dyk rekke. Op It Hearrenfean hat in man de earm brutsen. 

Fanwege de glêdens is koade oranje ôfkundige.Middeis waard dat koade giel. Rykswettersteat warskôget foar gefaarlike omstannichheden fanwege de izel. Wa't de dyk net op hoecht, kin better thúsbliuwe. Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente struie folop. Yn totaal binne der 21 struiweinen yn de provinsje aktyf. Rykswettersteat seit mei klam dat alle warskôgings fan krêft bliuwe. Fierdesr is it advys oan minsken om de rydstyl oan te passen oan it waar.

Gefaarlike diken

Provinsjale Wettersteat seit dat der trije diken binne dêr't minsken ekstra alert wêze moat. Op de N381 fan Drachten nei Drinte is sprake fan Zoab (Zeer Open Asfaltbeton). Op de Sintrale As is sprake fan saneamd stil asfalt (fyn Zoab). Op de N924 fan It Hearrenfean nei Eastersee wie al struid, mar it hat net genôch fertuten dien en der sil dêrom opnij struid wurde.

Trefwurden: 
glêdens ûngelokken struie
(advertinsje)
(advertinsje)