UNIS Flyers wint fan Nijmegen

UNIS Flyers hat har útwedstriid mei 5-1 wûn yn en tsjin Nijmegen. De Flyers kamen op efterstân mar bûgden dat al nei 7 minuten om doe't Kevin Nijland de lykmakker op it boerd sette. Nei it skoft sette nei tolve minuten spyljen Tony Demelinne de Flyers op foarsprong. Yn dy twadde perioade makke Kevin Nijland ek de 3-1. Mei in man minder makken de Flyers yn de tredde perioade dien wurk troch ek de 4-1 te meitsjen troch Yan Turcotte. De 5-1 kaam fan de stick fan Ronald Wurm.
De Flyers bliuwe koprinner yn pûl B fan de BeNe-league mei 30 punten út 10 wedstriden. Sneontejûn is GIJS Grins de tsjinstanner op it iis fan Thialf.