Hester Jasper (15) goed op wei nei WK follybal yn Meksiko

Hester Jasper © awfoto.nl
Follybalster Hester Jasper fan Snits hat freedtemiddei mei Jong Oranje in goede stap setten yn de rjochting fan it WK fan juny dit jier yn Meksiko. Bûnscoach Julien van de Vyver hie har selektearre foar de kwalifikaasjewedstriden yn Roemenië tsjin Frankryk, Estlân en Roemenië.
Yn Ploiesti wûn Jong Oranje mei 3-0 fan Estlân. Hester Jasper kaam yn sawol de earste as de tredde set yn it fjild. Earder hie Jong Oranje al mei 3-0 wûn fan Frankryk. Ek doe mocht Jasper ynfalle.
Mei har 15 jier is se ien fan de jongste spylsters fan it team, gewoanwei spylje yn Jong Oranje froulju fan 17 of 18 jier. It team moat earste wurde yn de pûl, dan spilet it yn maaie de twadde en lêste kwalifikaasjeronde foar it WK yn Meksiko.