Frou út Ljouwert moat yn behanneling foar brânstichting

06 jan 2017 - 22:00
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 33-jierrige frou út Ljouwert moat fan de Ljouwerter rjochtbank nei in forinsysk psychiatryske klinyk. De frou hat op 1 oktober klean en in dekbêd yn 'e brân stutsen yn har appartemint oan de Aggemastate. Sy sit dêrfoar no noch yn de frouljusfinzenis yn Zwolle. Freed wie de pro-forma sitting yn Ljouwert. Dêr is sy net allinnich ûnder behanneling steld, mar is ek besletten dat sy ûnder tafersjoch fan de reklassearring komt te stean. Fierder hat sy in alkohol- en drugsferbod oplein krigen. De frou krijt help by it ôflossen fan har skulden.

Op 14 maart moat sy har foar de rjochter ferantwurdzje foar de brânstichting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)