Ireen Wüst nei earste dei stevich oan de lieding

06 jan 2017 - 21:29

Ireen Wüst liket op wei nei har fiifde Europeeske titel allround. Nei winst op de 500 meter, wûn se ek de 3000 meter. Yn har rit tsjin Martina Sábliková socht se de oanfal en dat waard beleanne, al wiene de lêste rûntsjes fan Wüst net geweldich. Har eintiid wie 4.03.93 tsjin de 4.04.73 fan Sábliková. Antoinette de Jong waard tredde yn 4.05.44 en stiet twadde yn it klassemint op 1.66 fan Wüst.

Yvonne Nauta klom nei it sechsde plak yn de tuskenstân troch 4.07.32 te riden op de 3000 meter. Dat wie goed foar it fiifde plak.

Sneon op de twadde dei ride de froulju de 1500 en 5000 meter.

EK sprint manlju

Kjeld Nuis naam op de 1000 meter op it EK sprint revâns foar syn 'mindere' 500 meter. Hy wûn mei oermacht de 1000 meter yn 1.08.77. Kai Verbij waard twadde yn 1.09.01 en de Noar Havard Lorentzen tredde yn 1.09.23. Ronald Mulder, winner fan de 500 meter, kaam net fierder as it achtste plak yn 1.10.46. Yn it tuskenklassemint giet Verbij oan de lieding, foar Nico Ihle en Lorentzen. Kjeld Nuis is fjirde, Ronald Mulder sechsde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)