Max Aardema op plak 25 fan lanlike kandidatelist PVV

06 jan 2017 - 21:11

De Drachtster PVV-fraksjefoarsitter yn de Fryske Steaten Max Aardema stiet op de lanlike PVV-kandidatelist op nûmer 25. Dat is neffens de peilingen in ferkiesber plak.

Aardema kaam yn 2011 yn Provinsjale Steaten foar de PVV. Hy bleau as iennichste oer doe't yn 2014 syn fraksjegenoaten út de partij stapten nei oanlieding fan de 'minder Marokkanen útspraken' fan Geert Wilders. De partij hat no wer trije sitten yn de Steaten.

Trefwurden: 
Max Aardema PVV
(advertinsje)
(advertinsje)