SC Cambuur spilet lyk tsjin Vitesse yn oefenduel yn Spanje

06 jan 2017 - 20:45

SC Cambuur hat freedtejûn mei 0-0 lyk spile yn in oefenwedstriid tsjin Vitesse. De wedstriid waard spile yn it Spaanske Orihuela. De grutste kâns foar de ploech fan trainer Sipke Hulshoff wie yn de 41e minút doe't loftsback Marvin Peersman de bal op de latte kopte.

Yn de einfaze krige Vitesse noch in pear kânsen fia de frije trapen fan Maikel van der Werff en Lewis Baker, mar gefaarlik waard it net mear foar de goal fan Leonard Nienhuis.

Sander van de Streek hie SC Cambuur yn de 90e minút noch nei de oerwinning koppe kinnen, mar de bal ferdwûn krekt oer. 

Fertsjinne minuten

De nije oanwinst fan SC Cambuur, Tarik Toussadali, siet noch net by de seleksje. De seleksje fljocht moarn wer werom nei Nederlân. Trainer Sipke Hulshoff wie tige te sprekken oer de earste minuten fan de ynfallers Boerlage en Akhamrane. "Se traine goed en hiene dizze minuten fertsjinne," sa sei Hulshoff nei ôfrin.

De opstelling fan SC Cambuur seach der sa út: Zeinstra (Nienhuis); Anderson, El Baad (N'Toko), Steenvoorden, Peersman, Houtkoop; Monteiro (Akhamrane), E. Bakker (Boerlage), Van de Streek; Hoefdraad (Conraad), Barto (Hemmen).

(advertinsje)
(advertinsje)