Kommissaris Leemhuis: Den Haag hat te min lânboukennis

06 jan 2017 - 20:15

Yn Den Haag is te min kennis fan lânbou. Dêrom kin der better mar wer in eigen lânbouministearje komme. Dat stelde kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis-Stout freed in har taspraak by de nijjiersresepsje fan de provinsje Fryslân. By de ferskate wurkbesites yn de provinsje is har dúdlik wurden dat lân- en túnbou harren net goed fertsjintwurdige fiele yn it ministearje fan Ekonomyske Saken. Boppedat fernaam se dat de sektor fynt dat der te min each is foar de bydrage fan boeren oan it behear fan natuer en lânskip.

Wichtige oarsaak soe it ferdwinen fan de produktskippen en it opgean fan it ministearje fan Lânbou yn dat fan Ekonomyske Saken wêze. "In het buitenland werd jaloers gekeken naar de oorspronkelijke constructie, maar die steunpilaar is nu verdwenen", sa seit Leemhuis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)