FIDEO: IIsmaster Beert klear foar EK sprint en EK allround

06 jan 2017 - 17:15

Reedrydleafhawwers sette dit wykein massaal ôf nei It Hearrenfean foar it EK sprint en it EK allround. Freedtejûn wurde op Thialf de earste wedstriden riden. Earder op 'e dei sette iismaster Beert Boomsma noch efkes de puntsjes op de i, want de iisflier fan Thialf moat der perfekt bylizze. Boomsma makket him al soargen oer de luchtdruk, om't dy bot omheech gien is. Rekôrs sille der dit wykein wierskynlik net yn sitte, om't de omstannichheden foar de reedriders pittich binne.

Fanwege de drokte hat Thialf in ekstra tribune bouwe litten, wêrtroch't der goed 200 minsken mear komme kinne. It EK sprint en it EK allround duorje oant en mei snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)