Sven Kramer rydt 5000 meter

22 okt 2011 - 17:30
Foto: Omrop Fryslân

Sven Kramer hat op de oerkape baan fan Inzell syn earste 5000 meter riden. De olympysk kampioen fan Vancouver begûn kalm oan de rit mei trije rûntsjes boppe de 31 sekonden, mar hy einige goed mei trije rûntsjes fan 29. Syn eintiid wie 6.23,05.

Coach Kemkers wie tige op it skik mei it resultaat, al wie de race lang net perfekt. Kramer wol oer fjirtjin dagen de 5 km ride op it NK ôfstannen. Hy hat him dêr net foar pleatst, mar ferwachtet wol in startbewiis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)