KNMI jout koade oranje foar glêdens troch snie en izel

06 jan 2017 - 16:15

It KNMI jout koade oranje ôf foar de kommende nacht. Der wurdt snie en izel ferwachte en dat betsjut dat der kâns is op glêdens. It waarburo warskôget foar grutte risiko's yn it ferkear. Automobilisten krije it advys om de snelheid oan te passen. Reizgers moatte rekken hâlde mei langere reistiden, ek yn it iepenbier ferfier. De warskôging jildt fan trije oere freedtenacht oant trije oere sneontemiddei.

Trefwurden: 
koade Oranje snie izel KNMI
(Advertinsje)
(Advertinsje)