CDA wol mear ynset foar it finen fan sponsors KH2018

06 jan 2017 - 16:05

Der moat dúdlikens komme oer de sponsorklupambysjes foar Ljouwert 2018. Dat fynt CDA Fryslân. De ambysje om 750 sponsors yn te heljen foar KH2018 is mei de helte nei ûnderen brocht, it binne der no 292. It CDA fynt just dat de ynset wêze moat ûndernimmers mear en better te belûken by Kulturele Haadstêd, yn stee fan de ambysje om sponsors te sykjen mei de helte werom te bringen. De CDA-steatefraksje sil hjiroer skriftlike fragen stelle oan Deputearre Steaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)