SCO ûnderút yn Vriezenveen

26 maaie 2012 - 17:12
Kuorbal - Foto: ANP XTRA

De kuorballers fan SCO hawwe mei 18-15 ferlern fan Amicitia. Yn Vriezenveen wienen de doelpunten yn de earste helte skaars. Nei in kertier spyljen stie der in meagere stân fan 4-3 op it boerd. Foar de tee wist de thúsploech in lytse foarsprong te pakken en gong mei 9-7 de klaaihokken yn.

Yn de twadde helte wist Amicitia de wedstriid stadichoan nei har ta te lûken. De thúsploech rûn ienfaldich út nei 15-10, wêrnei't de oerwinning binnen wie. SCO wist de skea yn de slotfaze te beheinen, mar koe net mear lyk komme.

LDODK, de nûmer 3 yn de haadklasse A, wûn op eigen fjild nipt mei 18-17 fan de nûmer ien nei lêst Kinderdijk.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK SCO
(Advertinsje)
(Advertinsje)