Ljouwerter drugsdealer oppakt

06 jan 2017 - 13:35
Drugs - Foto: Omrop Fryslân

In 38-jierrige Ljouwerter is oppakt op fertinking fan it dealen fan harddrugs. Nei meardere meldingen fan oerlêst op de Bleekleane, waard ûndersyk dien nei de fertochte en syn hûs. Yn de wenning waard heroïne en kokaïne fûn en dêrneist waard materiaal fûn foar de ferkeap fan drugs.

De fertochte sit fêst en de plysje hat de saak fierder yn ûndersyk.

Trefwurden: 
drugsdealer Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)