Gjin poadiumplak foar Postma

© Omrop Fryslân
Finn-siler Pieter Jan Postma út Terkaple hat by de wrâldbekerwedstriden yn Medemblik gjin medalje pakke kinnen. Postma wûn sneontemoarn de ien nei lêste race foar de finale, mar kaam yn de ôfslutende medaljerace net fierder as it tredde plak. Dêrmei komt er twa punten tekoart foar it brûns yn it einklassemint. It goud wie foar de Amerikaan Caleb Paine. Postma sylde yn Medemblik yn syn nije Finnboat, wêr't er by de Olympyske Spelen yn Ingelân goeie resultaten mei hopet te heljen.