Modelspoormuseum krijt blikken treinen kado

© Henk Bootsma
It modelspoormuseum yn Snits hat in grut tal blikken treinen krigen. By de skinking sitte net allinnich lokomotiven en wagons, mar ek rails en trafo's. Mei al it materiaal kin yn it museum in autentike blikken modelbaan oanlein wurde.
De blikken treinen fan it merk ETS binne makke yn Praag en stean bekend om de detaillearre bedrukking. De skinker hie de treinen opsteld op in grutte baan by him thús op souder, dêr't er se noch alle dagen ride liet.