Grutte belangstelling foar behearsplan Iselmar

Op De Lemmer wie tongersdeitejûn de lêste ynformaasjejûn oer it ûntwerpbehearsplan foar de Iselmar yn it ramt fan Natura 2000. Dat is in Europeesk netwurk dat wichtige natuergebieten beskermje wol. De Iselmar is ien fan dy gebieten. Der moat no in behearsplan makke wurde en dêr gie de ynformaasjejûn oer.
Der kamen in soad minsken ôf op de ynformaasjejûn, benammen út de rekreaasjesektor. Sy woene witte hokker ynfloed it behearsplan hat op har situaasje en oft sy de dingen dwaan bliuwe kinne dy't sy no dogge.
Balâns
Neffens Sacha Oskam fan Rykswettersteat wurdt der in ôfwaging makke tusken it foldwaan oan de Europeeske easken foar it Natura 2000 gebiet oan de iene kant en de minsken dy't ekonomysk ôfhinklik binne fan it (wettersport)gebiet oan de oare kant. "Er moet een goede balans worden gevonden tussen mens en dier. Daarnaast moeten we aan de doelstellingen voldoen die vanuit Europa zijn opgelegd", sa seit Oskam.
Minsken kinne oant 18 jannewaris it ûntwerpbehearsplan ynsjen.