Ljouwert hâldt soarch oer Jirnsum nei slim ûngelok

05 jan 2017 - 22:46

De gemeente Ljouwert bliuwt aktyf yn Jirnsum om twaspjalt foar te kommen nei it slimme ûngelok fan ferline jier dêr't meardere jonge Jirnsumers by belutsen wiene. Se wolle safolle mooglik stimulearje dat minsken mei-elkoar yn petear bliuwe.

De 19-jierrige bestjoerder út Jirnsum dy't yn april ferline jier in deadlik ûngelok feroarsake waard tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele. Hy krige ien jier finzenisstraf ûnder betingst en in taakstraf fan 240 oeren.

Trefwurden: 
Jirnsum gemeente Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)