Auto klapt op fangrail Sintrale As, dêrnei kop-sturt-botsing

Dûbeld ûngelok op Sintrale As © Facebook Politie Noordoost-Fryslân
Op de Sintrale As by Wâlterswâld hat tongersdeitemiddei in dûbeld ûngelok west. In auto dy't rjochting Dokkum ried, rekke yn de slip en kaam fia de fangrail midden op de dyk stil te stean. Foaral it útfoegjende ferkear hie dêr lêst fan en sa ûntstie der ek noch in kop-sturt-botsing.
Der rekke nimmen ferwûne by de oanridings. In berger hat twa fan de trije auto's fuortsleept. De oare koe noch ride.