KNRM: swimwetter te kâld

Strântinte by It Amelân © Omrop Fryslân
De KNRM warskôget dat it swimwetter noch ferrifelik kâld is. De strânwachten binne dit pinksterwykein noch net yn funksje. By problemen wurde de rêdingboat of de oare helptsjinsten ynskeakele.
Fanwege de kâlde maitiid is it wetter noch kwalik opwaarme. Neffens de rêdingsmaatskippij is it wetter mar 12 graden. Dat kin foar ûnderkuolling, kramp en yn it slimste gefal hertklachten soargje. Silers en surfers moatte foar de Fryske kust ek noch rekken hâlde mei de ôflannige wyn.