Waanders: Dantumadiel ûnder druk sette helpt net

Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel (argyffoto) © Omrop Fryslân
Boargemaster Waanders fan Dongeradiel tinkt net dat it doel hat dat de provinsje Dantumadiel ûnder druk set om dochs mei te dwaan oan de bestjoerlike fúzje. Boargemaster Bilker fan Kollumerlân hat dy oprop dien. De amtlike fúzje fan de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân is krekt realisearre. De bestjoerlike fúzje moat per 1 jannewaris 2019 yngean, mar Dantumadiel wol dêr net oan meidwaan.
Boargemaster Waanders sei yn har nijjierstaspraak dat trochdriuwen allinnich mar liedt ta mear wjerstân.
It liket har de baas en set folslein yn op de fierdere ûntwikkeling fan in goede amtlike organisaasje.
Neffens Waanders kin sa'n oprop lykas dy fan Bilker gjin kwea. Mar de ûnderfining leart dat gers net hurder groeit as deroan lutsen wurdt. De tiden dat in beweging op gong komt by dekreet fan in oare oerheid binne foarby. Dêr hat se gjin muoite mei. As der sprake is fan grutte wjerstân, liedt trochdriuwen inkeld mar ta gruttere wjeraksel, sa seit boargemaster Waanders.