Kentekenkontrôle A7 op syk nei mooglike ynbrekkers

05 jan 2017 - 21:04
Plysje-auto scant nûmerbuorden op A7 op syk nei mooglike ynbrekkers - Foto: Sicco Riedstra

De plysje hat tongersdeitemiddei op de A7 tusken Beetstersweach en It Hearrenfean in kontrôle hâlden om mooglike ynbrekkers te finen. Der wurdt de lêste tiid in soad ynbrutsen yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân. By de kontrôle scande de plysje de kentekens fan de passearjende auto's.

Ien persoan waard oerdroegen oan de frjemdlingeplysje. De man hie in honkbalkneppel by him. Dy is yn beslach naam.

Trefwurden: 
A7 kenteken plysje scan ynbrekker
(Advertinsje)
(Advertinsje)